“Litte we kontakt hâlde”, stie yn ien fan de kaartsjes dy’t we krigen doe’t Veerle en ik krekt de oerstek makke hienen fan it Noarden nei it Westen. Dy sin bleau hingje. Geregeld nim ik jim hjir mei yn wat ik allegear by it ein ha en wat der yn my omgiet. ‘Licht, lucht en ruimte’ is it ferneamde motto fan it Algemeen Uitbreidingsplan (AUP) út 1934 fan stêdeboukundige Cornelis van Eesteren. It wie de blaudruk foar de ‘Amsterdamse Westelijke Tuinsteden’, mei as doel de arbeidersklasse in sûn en prettich leefmiljieu biede. Tsjintwurdich kenne we dy Tuinsteden as it stêdsdiel Nieuw-West. In oare boustien: grien. As grienste stêdsdiel fynst hjir ek de measte beammen fan Amsterdam. Dat hie ik net tocht.
It AUP Gjin rûntsjes mear Dy earste dagen, krekt as yn Grins, kuiere ik alle moannen in lyts rûntsje om wekker te wurden. Die ik dat yn it Noarden yn de karakteristike Schildersbuurt, hjir rûn ik tusken it hoekige AUP en nijere, mar like hoekige, appartemintekompleksen. In soad stiel en beton. Ik rûn gjin rûntsjes mear, ik rûn fjouwerkantsjes. Sa’t dat giet mei nije plakken wurdt myn wrâld hjir bytsje by bytsje grutter. Ik gie better sykje. Ik ûntduts it Sloterpark en De Oeverlanden en noch tichterby fûn ik in oar moai plakje. In griene stripe by it trein- en metrospoar neist ús gebou. In olifantepaad promovearre ta útlitgebiet, in miniparkje. Dêr, ast dyn egen in bytsje tichtkniepst sjochst de stêd even net mear. Hearst allinne de fûgels en, mei in bytsje wyn, it risseljen fan de blêden. Dat lêste is ien fan myn favorite gelûden wurden.
Ut en thús Grappich genôch kaam ik júst ta dat ynsicht yn ‘e stêd, want dêr binne dy gelûden fanselssprekkend. Yn Fryslân, mei ús heit yn ‘e greiden op ‘e syk nei greidefûgels, of mei in boatsje troch de fearten fier, fiel ik my djip ferbûn. Hjir kom ik wei, tink ik dan. It hoech der neat foar te dwaan. It wurdt sa foar my opleppele. Foar dat gefoel moat ik op nije wenplakken wat hurder wurkje. Ik fûn it al yn Grins, hjir moat ik wer oan de bak. De fleantugen dy’t opstige en lânje. De metro’s, trams en treinen dy’t foarby jeie. Fjoerwurk en gillende bern. De stêdske klankkast is hjir lûder en mear oanwêzich. Fersette hat gjin sin en dêrom moat ik it tuskentroch ha fan de dingen dy’t ik ék hear en sjoch. Dingen dy’t my tichterby de greiden bringe, mar ek nije details: datselde risseljen fan de beammen, it kwetterjen fan net allinne de klyster, mar ek de parkyt. De ielsliners (fuut) dy’t mei pykjes troch de sleat swimme. Sa rin ik hjir tsjintwurdich mei oare eagen en earen. Mei in gruttere leafde foar myn nije wenplak, en ek foar de greiden en fearten yn it Noarden. Oant sjen!Hast fragen of tips, wolst mear witte oer wat ik by it ein ha - lit it my witte. Dizze nijsbrief is in work in progress; ik skreau lekker wat ik sels wol, mar nije ideeën binne ek fan herte wolkom. Foar no: oant de folgjende! Riemer |