“Litte we kontakt hâlde”, stie yn ien fan de kaartsjes dy’t we krigen doe’t Veerle en ik krekt de oerstek makke hienen fan it Noarden nei it Westen. Dy sin bleau hingje. Geregeld nim ik jim hjir mei yn wat ik allegear by it ein ha. Foar tips én as útnûging om in kear del te kommen! Nei seis jier middelbere skoalle op it Lauwers College wist ik: ik wol net fuort oan de stúdzje, ik wol op reis. Dy reis soe Australië wurde. In ferhaal op himsels. No wol ik it oer myn thúskommen ha en dêrnei. Troch myn reis woe ik sa fier mooglik fan Bûtenpost wêze en wenje. Net omdat ik klear wie mei it plak dêr’t ik opgroeide. Nee, ik hie ûnôfhinklikheid preaun en it smakke nei folle mear. Dat ik op keamers woe, stie fêst. Wêr wie de fraach. In dik healoere fierderIk hie myn sinnen set op Utrecht. De keunstakadeemje fan Grins wie te tichtby, sa tocht ik. In ôfwizing út Utrecht folge en it waard dochs wol Grins. Blykber baarnde it ûnôfhinklikheidsfjoer net hurd genôch. Mar it wie ek gewoan wat op dat momint koe. Ik wie blut, hie al moannen neat kreatyfs dien en wie op ‘e syk nei perspektyf. Ik beweegde, koartsein, binnen myn mooglikheden. Ik gie op keamers en nei ferrin fan tiid ferskowde alles nei Grins. Kanvasdoeken yninoar sette by CanvasCompany yn Kollum waard ôfwaskje by Flinders Café op it Noorderplantsoen. V.V. Buitenpost waard G.S.V.V. The Knickerbockers, ensafuorthinne. Ik fûn in nij thús. In soad feroare, mar likegoed bleau in soad itselde. Bûtenpost wie alle tsien jierren dy’t ik yn Grins wenne ommers mar in dik healoere fierder.
Trein fan Grins nei Ljouwert fia Bûtenpost Stean yn twa wrâldenNo, hast trije oeren fierderop, yn Amsterdam, is it oars. Wa’t my ken, wit dat ik graach oeral by bin. In jierdeifeestje hjir, in boarrel dêr, op stap mei dy en dy en sels ek noch wat organisearje. Ik ha it graach drok, mar ik bin ek op ‘e syk nei befêstiging. Faak genôch ha ik op in feestje stien omdat foaral ik fûn dat it sa hearde of omdat ik gjin opmerkingen woe as “Dy sjochst ek noait mear!” Yn Grins wie dat fol te hâlden. Koe ik my steande hâlde yn twa folslein ferskillende wrâlden: dy fan it doarp en de stêd. Hjir net. Dat wist ik foar de ferhuzing ek wol, mar dochs ferfoel ik yn âlde gewoanten. Om dochs mar oeral by te wêzen, gie ik noch faak ien dei op en del fan it Westen nei it Noarden. Seis oeren yn ‘e trein lit dy tinke. Ik moast leare nee te sizzen. Noch hieltyd. En al dy freonen dan? Dy binne der gewoan noch. Mar it kontakt is oars. Sa besykje ik mear te appen en beljen. Mear te genietsjen fan de legere frekwinsje fan inoar sjen. As it goed, is it goed. As it om freonen giet, is dy gouden regel sa wier as wat. Oant sjen!Hast fragen of tips, wolst mear witte oer wat ik by it ein ha - lit it my witte. Dizze brief is in work in progress; ik skreau lekker wat ik sels wol, mar nije ideeën binne ek fan herte wolkom. Foar no: oant de folgjende! Riemer |