“Litte we kontakt hâlde”, stie yn ien fan de kaartsjes dy’t we krigen doe’t Veerle en ik krekt de oerstek makke hienen fan it Noarden nei it Westen. Dy sin bleau hingje. Geregeld nim ik jim hjir mei yn wat ik allegear by it ein ha en wat der yn my omgiet. “Mooie sjaal. Máár hij is niet heel Amsterdams!” Ik gie as frijwilliger by de doarren del foar de gemeenteriedsferkiezingen. Nei in leuk gesprek wie dit de útsmiter. In tûke tsjinreaskje hie ik net. Dy binne achterôf altyd better. Leaver hie ik sein: “In Amsterdam worden zo’n 750 talen en dialecten gesproken door ongeveer 175 nationaliteiten. Dan is mijn Friese sjaal toch júist Amsterdams?” It bleau my pleagje, want hoesa net Amsterdamsk? Altyd dwaande mei identiteitMiskien pleage it my ek wol omdat ik salang oer de oanskaf neitocht hie. Tichterby hús, yn Grins of Fryslân, wie it net yn my opkommen. Yn Grins net fanwegen de bekende rivaliteit. Yn Fryslân net omdat it as te Frysk sjoen wurde kin: boersk of nasjonalistysk sels. Gjin sin oan. Hjir fielt de kar feiliger, logysker. Ik bin altyd dwaande mei myn identiteit. Hoe behâldt in Fries syn eigenheid en bliuwt er tagelyk ‘modern’? En hoe dochst dat sûnder stoffich of konservatyf te wurden? As sprekker fan in lytse taal bist net de noarm en moatst dêr sels mear muoite foar dwaan. Nim allinne al it skriuwen fan ús taal. Ik learde it, mar bin yn ‘e minderheid. It jout my de kâns tichtby mysels te bliuwen, my troch de bril fan thús te uterjen. Myn sjaal is ek sa’n utering: in stikje eigen dy’t ik mei sûne grutskens by my draach. Is it net moai júst dat my waarm hâldt tsjin de kjeld?
Ik foar it Rijksmuseum Grutsk én iepenTsjintwurdich liket grutskens earder in resept foar hurde wurden en ksenofoby. It dúdlikst te sjen yn ‘e polityk. Mar as ‘moderne’ Fries wol ik grutsk én iepen wêze kin. Mei myn sjaal besykje ik myn identiteit júst net ôf te beakenjen, ik wol it tsjinoerstelde dwaan. It is in útnûging. Sa fan: “Ja, sjochst it goed, ik bin in Fries. En ja, kloppet: ik praat noch in taal neist it Nederlânsk. Freegje foaral!” En dan soe ik freegje: “En hoe is dat by dy thús?” Sûnder twifel krijst dan in goed gesprek en learst faninoar. Dat is júst wat ik meikrigen ha fan net de noarm wêze: Altyd nijsgjirrich wêze nei de oar. Trochfreegje en de hân útstekke en net feroardiele en fuortsette. Sa fan: “Mooie sjaal. Hoe dat zo?” Oant sjen!Hast fragen of tips, wolst mear witte oer wat ik by it ein ha - lit it my witte. Dizze brief is in work in progress; ik skreau lekker wat ik sels wol, mar nije ideeën binne ek fan herte wolkom. Foar no: oant de folgjende! Riemer |