“Litte we kontakt hâlde”, stie yn ien fan de kaartsjes dy’t we krigen doe’t Veerle en ik krekt de oerstek makke hienen fan it Noarden nei it Westen. Dy sin bleau hingje. Geregeld nim ik jim hjir mei yn wat ik allegear by it ein ha en wat der yn my omgiet. Doe’t ik minsken foar it earst nei de metro sprinte seach, naam ik mysels foar: dat noait. Dy belofte hold net lang stân. It oerkomt je, al bist noch sa op ‘e tiid. Yn de stêd wolle minsken hurder en se lûke dy mei. Foar’tst it witst fleanst ek. Kaken opinoar, in stevige trêd. Moatst dysels faak fertelle: doch it net. In aktive hâlding is fereaske. Oars wurdst oanstjoerd troch de stêdske dirigint en net oarsom. Slútst oan by it orkest fan hysteryske miuwen, it op en del gean fan de metro en tram en de foarbysúzjende trein. Mar oplette is net genôch, soms moatst der ek gewoan even út. It ien hat it oar nedich Dan komt stilte likehurd binnenn as drokte. Mar it hat dus dy drokte nedich om dat sa te beseffen. It ien hat it oar nedich. Miskien dat ik nei in jier Amsterdam en benammen stêdetripkes as fakânsje, op ‘e camping stean dizze simmer dêrom sa wurdearre; it kontrast kaam binnen.
Yn myn elemint: boek lêzend foar de mar Sliepe yn ‘e tinte. Yn it tsjuster it toiletgebou fine. Dysels wer yn de sliepsek fâldzje. Opstean, it hier yn ‘e tiis, net wittend oftst de mar earst ynspringst of ûnder de dûsj. Broadsjes ophelje. Stjonkjende tsiis smarre. De perkolator buorrelet mei kofje. Genietsje fan de glinstering op it wetter of de dûnsjende blêdsjes fan in beam. Hoelet it is? Makket it wat út? In alternative realiteit. It docht neitinken: hoe kinst mear camping yn ‘e stêd krije? Dat begjint mei hoe’tst dy beweechst. In stil ferset tsjin de deistige drokte. Dizze nijsbrief is in work in progress; ik skreau lekker wat ik sels wol, mar nije ideeën binne ek fan herte wolkom. Foar no: oant sjen! Riemer |
In stil ferset